ACM kart trochstart Miss Etam en Promiss goed

29 maaie 2015 - 15:25
  • Logo Miss Etam

De moadewinkels fan Miss Etam en Promiss meitsje in trochstart. Dêr hat de Autoriteit Consument & Markt no ek tastimming foar jûn. Miss Etam hat filialen yn Snits, Ljouwert, Drachten en op It Hearrenfean. De keten gie yn april fallyt. De winkels fan Promiss, mei filialen yn Drachten en op It Hearrenfean, binne ek eigendom fan it bedriuw en dy meitsje no ek in trochstart.

De kuratoaren wiene earder al foar in trochstart. Der moast noch wol tastimming komme fan de Autoriteit Consument & Markt, en dy is der no.

De ynvestearders dy't fierder gean, wolle ôfspraken meitsje mei de eigeners oer legere hieren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)