Achttjin froulju yn 'e Steaten

10 mrt 2007 - 13:27

Provinsjale Steaten hat it heechste persintaazje ea oan froulju. Yn de Fryske Steaten is 42% frou en dat is krekt wat heger as it lanlik sifer dêr't nei stribbe wurdt. Dat is fjirtich prosint. Emansipaasjeburo Equa hat de sifers bekendmakke.

Fan de 83 froulju op de list komme achttjin yn de Steaten. Dat tal is hast gelyk oan de foarige steateperioade. Der sitte gjin allochtoanen yn Provinsjale Steaten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)