Achtkarspelen:jild foar ynternet

21 mrt 2002 - 00:00

Alle alve doarpen yn Achtkarspelen krije jild fan de gemeente foar in ynternetoansluting. De oanslutings moatte sa folle mooglik ûnderbrocht wurde yn de doarpshûzen.

Alle doarpen krije sa'n 4100 euro. Dêrfoar kinne in kompjûter en software kocht wurde. Ek moat de ferbining derfan betelle wurde. Minsken sûnder oansluting kinne sa aansen ek ynternette en emaile.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)