Achtkarspelen wol sinnepanielen yn de greiden

12 nov 2015 - 21:12
  • Sinnepanielen

It kolleezje fan Achtkarspelen hat tongersdei ynstimd mei in projektplan om op grutte skaal sinnepanielen yn de gemeente del te setten. It projekt hat de namme 'Sinnegreide': de sinnepanielen moatte yn de greide komme.

De gemeente hat dêrfoar de omjouwing fan yndustryterrein De Swadde by Bûtenpost op it each. Achtkarspelen siket organisaasjes dy't it projekt útfiere kinne. Boargers kinne ek partisipearje yn it projekt. De ried nimt ynkoarten in beslút oer it plan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)