Achtkarspelen wol ferbouwe

14 sep 2007 - 16:54

De gemeenteried fan Achtkarspelen nimt dizze moanne in beslút oer hoe't it gemeentehûs yn Bûtenpost ferboud wurde moat. It gebou foldocht net mear oan de easken. De sprekromtes binne te lyts, de riedseal is net oersichtlik genôch en der is net in sintrale baly.

Der binne fjouwer opsjes. De djoerste opsje, mei in nije riedsseal en in sintrale baly kostet 1,5 miljoen euro. Boargemaster van der Zwan kiest foar dizze opsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)