Achtkarspelen wint ôffalstriid

05 des 2002 - 00:00

De ynwenners fan Achtkarspelen binne aardich posityf oer de ynsammeling fan it hússmoargens. Dat docht bliken út in enkête. Earder wiene der problemen mei blêden op strjitte. Neffens wethâlder Van der Veen is dat no aardich oplost.

De griene kontener sil yn de simmer- moannen faker ophelle wurde om stjonkerij foar te kommen. De gemeente besiket fierder fia de webside en temajûnen minsken te berikken dy't har ôffal net skiede.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)