Achtkarspelen slút sportfjilden

18 aug 2003 - 00:00

Achtkarspelen hat ek besletten de sportfjilden te sluten fanwege de ekstreme droechte. De gersmatte kin skea oprinne troch it sporten op in te droech fjild. It duorret in jier om in stikkene gersmatte te werstellen. It ferbod jildt net foar trainingsfjilden en sportkompleksen dêr't in bereiningsynstallaasje is.

Dantumadiel en Tytsjersteradiel hawwe earder al sportfjilden sletten fanwege de droechte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)