Achtkarspelen skoart goed

17 des 2009 - 21:26
  • De meiwurkers fan de gemeente skoare goed by de boargers

Ynwenners fan Achtkarspelen binne tefreden oer de kwaliteit fan de tsjinstferliening fan de gemeente. Dat docht bliken út ûndersyk ûnder 1200 ynwenners fan 'e gemeente.

De minsken binne tefreden oer saken lykas feiligens, berikberens fan de gemeeente en saakkundigens fan de meiwurkers. Minder bliid binne se mei de kwaliteit fan it iepenbier ferfier, de parkeargelegenheid by it gemeentehûs en de ferkearsfeiligens yn de gemeente.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)