Achtkarspelen siket tsjûgen

15 jan 2004 - 00:00

De skea fan de ôfrûne jierwiksel yn Achtkarspelen falt heger út as ferline jier. Dat hat de gemeente tongersdei bekend makke. Achtkarspelen hat 16.000 euro skea en dat is de helte mear as dêr't yn de begrutting op rekkene wie.

It giet ûnder mear om ynsmiten ruten en fernielde lantearnpeallen en bushokjes. De kosten wurde op de dieders ferhelle. Neffens it kolleezje giet it om in lytse groep fandalen. B&W roppe tsjûgen op har te melden by de plysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)