Achtkarspelen siket foto's fan wetteroerlêst

06 jul 2015 - 12:22
  • Surhústerfean

De gemeente Achtkarspelen ropt ynwenners op om foto's te stjoeren fan de strjitten dy't snein ûnder wetter rûnen. De gemeente kin de foto's brûke foar in nij riolearringsplan. Swiere reinfal soarge foar in soad wetteroerlêst yn dizze gemeente, mar ek op oare plakken yn de provinsje.

It KNMI hie yn it foar al koade giel ôfjûn. Under oare yn Surhuzum, Stynsgea, Surhústerfean, Berltsum en Sint-Anne rûnen de strjitten oer fan it wetter. By Ljouwert stie in akwadukt fol mei wetter. De Heak om Ljouwert wie dêrom oant healwei tolven ôfsletten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)