Achtkarspelen op swimles

13 nov 2009 - 06:37

Achtkarspelen komt mei in plan om âlden te wizen op it belang fan swimles foar har bern. De gemeente docht dat op inisjatyf fan de PvdA. Dy partij tsjinne tongersdei yn de begruttingsgearkomste in moasje yn oer it ûnderwerp. Dy waard stipe troch in mearderheid fan de rie.

It plan moat der foar soargje dat bern har swimdiploma's hawwe foardat se nei it fuortset ûnderwiis geane. Fanwege besunigings is der sûnt 2007 gjin skoalswimmen mear yn Achtkarspelen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)