Achtkarspelen moat besunigje

19 apr 2004 - 00:00

De gemeente Achtkarspelen moat dit jier noch besunigje. Dat komt om't it ryk minder jild jout as dêr't op rekkene wie. Foar Achtkarspelen betsjut dat dat der dit jier in tekoart is fan 280.000 euro.

It is noch net dúdlik wêr't op besunige wurdt, dat moat de gemeente noch betinke. Fan takom jier ôf moat der struktureel besunige wurde. It kolleezje fan B en W giet út fan in tekoart fan likernôch in miljoen euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)