Achtkarspelen hâldt jild oer

15 jun 2004 - 00:00

De gemeente Achtkarspelen hat in oerskot fan hast 2,9 miljoen euro. Dat die moandei bliken by de behanneling fan de jierrekken oer ferline jier. It bedrach bestiet foar it grutste part út ûnferwachte tafallers.

Achtkarspelen brûkt it jild ûnder mear foar it opknappen fan it parkearplak by sportpark De Bosk op 'e Harkema. Ek wurdt it klaaihok fan fuotbalferiening yn Twizel opknapt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)