Achtkarspelen goeie wurkjouwer

23 jun 2009 - 15:28

De gemeente Achtkarspelen is de bêste gemeentlike wurkjouwer fan Nederlân. Moandei hat de gemeente yn Amsterdam de bêste wurkjouwers award 2009 yn ûntfangst naam. Meiwurkers binne tefreden oer har wurk by Achtkarspelen en de gemeente jout it personiel goeie mooglikheden om harsels fierder te ûntwikkeljen.

Yn de kategory gemeentlike wurkjouwers dienen noch seis oare gemeente mei. Middelburg waard twadde en de gemeente Hoorn einige as tredde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)