Achtkarspelen fynt jild werom

14 sep 2007 - 10:09

Achtkarspelen hat 128.000 euro werom fûn, dy't de gemeente earder kwyt wie.

It jild wie yn de pot mei reserves ferdwûn. Wethâlder van der Wal hat oan it speuren west en ûntduts dat it jild yn 2003 troch it ryk oan Achtkarspelen jûn wie, om ûnderwiisachterstannen fuort te wurkjen. Omdat it jild dêrnei fuortrekke, is it dêr noait oan útjûn. Neffens de regels moat de 128.000 euro no wer weromjûn wurde oan it ryk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)