Achterstân röntgen MCL ynhelje

15 aug 2011 - 12:01
  • Sikehûs MCL yn Ljouwert

Sikehûs MCL yn Ljouwert hopet ein dizze moanne de achterstân by de röntgen fuortwurke te hawwen. Troch in kompjûtersteuring yn juny koene foto's net goed beoardiele wurde. De steuring siet yn it nije systeem dat it sikehûs ynfierd hie. Troch wer oer te gean op it âlde systeem koe de skea beheind bliuwe.

De wachttiid foar de röntgenôfdieling is op 't heden twa wike. Dat moat in wike wurde, de normale tiid. Foar needgefallen is wol altyd plak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)