Achterstân dosint Frysk driget

07 jun 2007 - 16:13

Dosinten Frysk driigje achter te reitsjen as se net op kursus kinne. Dat sei foarsitter Marianne Bodde fan it lanlike fakbûn foar dosinten libjende talen.

Skoallen meitsje net genôch romte yn it lesprogram foar kursussen. De leararen kinne mar kwalik byhâlde wat de lêste ûntwikkelings binne yn it Fryske ûnderwiis. It fakbûn is dwaande mei in projekt de dosinten te helpen, mar de skoallen moatte ek meidwaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)