Achterfolging yn Sint Anne

03 nov 2007 - 14:33

Yn Sint Anne is freedtenacht in 41-jierrige autobestjoerder oanhâlden nei in achterfolging. Oan 'e Kadal waard er steande hâlden. Mar hy woe gjin blaastest dwaan, naaide hurd út mei de plysje achter him oan.

Nei in koarte achterfolging troch it doarp koe de man dochs noch oppakt wurde. Op it plysjeburo is syn rydbewiis ynnaam. Fierders krige er in boete foar autoriden mei te folle drank op.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)