Achterfolging yn Damwâld nei betelling mei falsk jild

06 des 2015 - 11:07

In man út Damwâld hat sneon in man achterfolge dy't mei falsk jild betelle hie. Mei syn help koe de plysje de fertochte letter oanhâlde. De 24-jierrige man út Drachten hie earder in tablet kocht yn Damwâld. De ferkeaper kaam derachter dat er falsk jild krigen hie. Hy gong de keaper achternei mei de auto en ûnderweis belle er de plysje.

Op de Westerdyk yn Ryptsjerk koe de oplichter oanhâlden wurde. De man is meinaam nei it plysjeburo.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)