Achterfolging troch plysje

09 sep 2014 - 22:14

De plysje hat tiisdeitejûn nei in kilometers lange achterfolging in auto fan de dyk riden en de twa ynsittenden fan 19-jier út Frentsjer en Ljouwert oanhâlden. Plysjes seagen op de Suderwei yn Sin Jabik in auto riden dy't in dei earder stellen wie by in supermerk yn Berltsum. Doe't se de auto tsjinhâlde woene, naaide dy út. Meardere plysje-auto's setten doe de achterfolging yn.

De rit gie troch Nij Altena en Minnertsgea en fia Easterbierrum, Seisbierrum en Pitersbierrum nei Harns. Hjirby waarden snelheden helle fan 120 kilometer yn de oere.

Yn Harns ried de auto fia de Waddenpromenade yn de rjochting fan de Spoarstrjitte. Dêr koe in plysje-auto de auto fan de dyk krije en de twa manlju oanhâlde. De fertochten binne nei it plysjeburo brocht, hjir binne se ynsletten. Tsjin it twatal is in proses ferbaal opmakke. De auto is yn beslach nommen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)