Achterfolging mei mes

08 aug 2010 - 14:12

In 21-jierrige man út Mûnein is sneintemoarn yn Burgum oanholden fanwege bedriging en fernieling. Nei in melding oer rûzje by in flatsje op de Prins Bernardstrjitte troffen plysjes dêr in tal tsjûgen oan. Dy ferklearren dat de Mûneiner mei in mes achter in 23-jierrige Burgumer oangien wie en in rút fan dy man syn wenning ynslein hie.

De fertochte waard oanholden en oerbrocht nei it buro foar ûndersyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)