Achterfolging fan brommerrider

15 jan 2014 - 17:24

In 22-jierrige bromfytser út Ljouwert is woansdei útnaaid nei't in motorplysje him oan 'e kant sette foar kontrôle yn de wyk Huzum. De plysje sette de achterfolging yn. Doe't de plysje him ynhelje woe, smiet de Ljouwerter syn helm ôf ûnder it riden. De helm rekke de plysjeman yn it gesicht. Yn de Knoopstrjitte botste de brommerrider dêrnei tsjin in auto fan de gemeente en moast de man rinnend fierder en oerrûn in frou mei in bern fan twa.
Lang om let koe er oanhâlden wurde yn in boskje oan de Pieter Stuyvesantwei.

De plysje krige help fan omstanners om de man te oermasterjen. De man sit noch fêst op it buro. Hy hie gjin brommerrydbewiis en syn brommer wie boppedat net fersekere.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)