Achter it stjoer weihelle

13 jul 2009 - 10:42

Fan in 26-jierrige ynwenner fan Easthim hat de plysje sneintejûn it rydbewiis yn beslach naam. De man fertoande frjemd riidgedrach op 'e Lemmerweg yn Snits. Doe't er oanhâlden waard, reagearre er net en like er yn 'e war te wêzen.

Mei de ambulânse is de man oerbrocht nei it sikehûs. Nei alle gedachten wie er ûnder ynfloed fan drugs, mar hy wegere in bloedproef. De man krige in proses-ferbaal en in rydferbod.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)