Achter de skermen fan de gemy

07 okt 2006 - 16:33

Sa'n fjouwerhûndert nijsgjirrigen kamen sneon ôf op 'e Dei fan de Gemy. It bedriuw BASF op It Hearrenfean hie de doarren iepen foar besikers. It eardere Johnson Polymer is ien fan de dielnimmende bedriuwen yn hiel Nederlân.

Ek yn sikehûs De Tjongerskâns koene besikers achter de skermen fan it lab sjen. Dêr waard toand wat dien wurdt nei in bloedprik. Oer twa jier is it wer iepen dei fan 'e gemy.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)