Acht wylde baargen fongen

14 aug 2003 - 00:00

Fan de keppel wylde baargen dy't troch Gaasterlân swalket, binne der woansdei- tejûn acht fongen. Ien dêrfan is ôfsketten yn de bosk. De oare sân binne ôfmakke troch in feearts.

De bisten binne ôfmakke om't se feesykten oerbringe kinne, skea oanrjochtsje oan it gewaaks of it ferkear yn gefaar bringe kinne. De Algemene Inspectie Dienst, de AID, nimt dêr de ferantwurding foar. De feearts sil bloedmeunsters ûndersykje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)