Acht ûntslaggen by Tichelaar

03 okt 2014 - 12:47

Keninklike Tichelaar yn Makkum hat ûntslach oanfrege foar 8 fan de 53 meiwurkers. It ûntslach is neffens direkteur Jan Tichelaar ûnderdiel fan de nije koers fan it bedriuw. Yn it plak fan diggelguod rjochtet it bedriuw him sûnt ferline jier op grutte projekten. It bedriuw wurdt no oan dizze nije wurkwize oanpast en kin mei minder minsken ta.

Tichelaar sels hat op eigen fersyk in stapke werom dien. Hans Marcuse is de nije algemien direkteur.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)