Acht ton foar Polderhoofdkanaal

10 nov 2005 - 07:53

De gemeente Smellingerlân lûkt 800.000 euro út foar it weriepenjen fan it Polderhoofdkanaal tusken Nijbeets en de Feanhoop. Dêrmei is it sa goed as wis dat de farferbining der komt. Moandei hie de ried fan Opsterlân al in miljoen euro beskikber steld.

De bedoeling is dat de wetterrekreaasje yn Opsterlân en Smellingerlân in ympuls krijt. De kosten binne goed acht miljoen euro. It jild komt ek út it budzjet foar it Fryske Marreprojekt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)