Acht tips oer oerfal Grou

27 okt 2010 - 11:13

It programma Opsporing Verzocht hat tiisdei acht tips oplevere yn it ûndersyk nei de oerfal yn Grou. Op 4 oktober waard in 89-jierrige frou út Grou oerfallen. Ien fan dy tips beneamt de plysje as tige brûkber. Alle tips wurde ûndersocht.

De frou waard yn har wenning oan de Meerswei oerfallen en dêrby waard in ûnbekend jildbedrach meinommen. De frou rekke by de oerfal licht ferwûne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)