Acht motorriders te hurd

20 maaie 2013 - 21:26

De plysje hat moandei fan acht dielnimmers oan de motoralvestêdetocht it rydbewiis ynnaam omdat se te hurd rieden. Boppedat is in dielnimmer fanwege gefaarlik gedrach op kursus stjoerd. Oan de motoralvestêdetocht dienen goed 3500 motorriders mei. Dy begûnen en einigen de tocht yn Ljouwert.

Neist it ynnimmen fan de rydbewizen binne ûnder de motorriders ek inkele prosessen-ferbaal útdield foar oare oertredings.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)