Acht miljoen foar Princessehof

07 sep 2001 - 00:00

Keramykmuseum It Princessehof yn Ljouwert wurdt fan binnen foar hast acht miljoen gûne opknapt. Oan de efterkant komt in teesalon en der komt ek in keramykwinkel.

Wichtich binne de stedhâlderlike stâlen, dy't it museum der krekt by krigen hat. Nei de ferbouwing sil dêr keramyk útstâld wurde. De ferbouwing set yn 2002 út ein en sil sa'n twa jier duorje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)