Acht jonges oppakt op 'e Sweach

24 des 2006 - 13:15

Yn Beetstersweach binne sneintemoarn 8 jongeren oanhâlden. Se makken in soad leven en de plysje spruts se derop oan mar dêr waard net op reagearre. Doe't in 18-jierrige oanhâlden waard begûn de rest fan de groep him der mei te bemuoien en de plysje te misledigjen.

Trije jongeren binne direkt oanhâlden. In buertbewenner pakte ien op doe't dy by him troch de tún rûn. De oare 4 binne letter dy moarn oanhâlden. De 8 binne fêst set op it buro yn Drachten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)