Acht jier selstraf easke yn Tsjûkemarmoard

04 nov 2015 - 17:17
  • Justysje

Tsjin de 19-jierrige Amsterdammer yn de Tsjûkermarsaak is acht jier sel easke. Neffens it Iepenbier Ministearje is hy skuldich oan moard op Omar Kourrich, twa jier lyn. Hy soe mei syn heit Kourrich yn Amsterdam om it libben brocht hawwe en it slachtoffer ferbaarnd hawwe by de Tsjûkemar. Syn heit koe net mear foarkomme om't dy stoarn is yn syn sel.

De Amsterdammer wie op de dei fan de moard minderjierrich mar de offisier fan justysje frege de rjochtbank om him neffens it mearderjierrich strafrjocht te behanneljen.

De fertochte oerlibbe ferline wike in oanslach yn it kriminele sirkwy.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)