Acht jier sel foar Peazumer

22 feb 2007 - 15:55

In man (46) út Peazens hat acht jier selstraf krige foar besykjen ta moard op syn eks-frou en har nije freon. De offisier fan justysje easke seis jier, mar de rjochter fûn dat te leech foar de swierte fan it misdriuw. Ek persoanlike omstannichheden wiene foar de rjochter gjin reden foar in legere straf.

De man stuts ferline jier op 22 oktober op syn eks-frou en har nije freon yn. Hy wie it hûs samar ynrûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)