Acht gemeenten frege om azc

17 maaie 2001 - 00:00

De acht Fryske gemeenten dy't noch gjin asylsikerssintrum (azc) ha, moatte dêr feroaring yn bringe. Dat wie it boadskip dat de gemeenten tongersdei krigen op in gearkomste op it provinsjehûs.

Kommissaris Nijpels en it Sintraal Orgaan Opfang Aylsikers ha de gemeenten wiisd op har maatskiplike taak om flechtlingen op te fangen. Konkrete tasizzings hat it petear net oplevere.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)