Acht brânwachtkorpsen krije nije auto

12 mrt 2016 - 10:48
  • De nije brânwachtauto's waarden sneon presintearre yn Snits

Acht Fryske brânwachtkorpsen krije sneontemiddei in nije brânwachtauto. It giet ûnder oare om korpsen út Heech, Parregea, Skiermûntseach en Wytmarsum. De acht krije de kaai fan de auto sneontemiddei oanbean yn Snits.

It giet om tankautospuiten, dêr't brannen mei blust wurde kinne, mar dêr't bygelyks ek mei útriden wurdt nei ferkearsûngelokken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)