Acht arbeidsplakken foar Warten

28 jul 2006 - 14:24

De renovaasje fan de haven en helling fan Warten smyt 8 arbeidsplakken op. Yn it âlde hellinggebou út 1725 komt in stipepunt foar elektroanysk farren, in wurkpleats foar kliïnten fan de GGZ en de ferslavingsoarch Fryslân.

De opknapbeurt fan it hellinggebou en de haven kostet 1 miljoen euro, dat foar in grut part by ûndernimmers út Warten sels weikomt, dy't alle war dien hawwe om it út hannen fan projektûntwikkelders te hâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)