Achmeatoer op heechste punt

29 maaie 2001 - 00:00

De Achmeatoer hat tiisdei it heechste punt berikt. Trije jier lang is der troch de 150 boufakkers wurke oan de 114 meter en 62 sintimeter hege toer, de heechste fan Noard-Nederlân. Yn it gebou kinne sa'n 600 minsken oan it wurk.

Om't de toer de top berikt hat is der troch de pommeranten in feestje hâlden. Bonnema is grutsk op de toer en sjocht no al út nei de bou fan de folgjende.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)