Achmea/Friesland net te kearen

07 jun 2011 - 19:40

Minister Edith Schippers fan Folkssûnens sjocht net folle kâns om de fúzje fan soarchfersekerders De Friesland en Achmea tsjin te gean. Dat sei se tiisdei yn de Twadde Keamer.

De Socialistische Partij rôp de minister op om de fúzje fan beide fersekerders te kearen omdat klanten fan De Friesland der de dupe fan wurde soene. Ek de PVV is bang dat de soarch yn Fryslân achterút gean sil. De mededingingsautoriteit NMA hat de fúzje al goedkard.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)