Achmea-toer offisjeel iepene

01 nov 2002 - 00:00

De Achmea-toer yn Ljouwert waard freedtemiddei offisjeel iepene troch kommissaris Nijpels. De toer stiet der yntusken al mear as in jier.

De 116 meter en 62 sintimeter hege toer hat al faak yn it nijs west. Dat kaam benammen fanwege de gevelplaten dy't by hurde wyn nei ûnderen kamen. Mar ek de iepenstelling fan de boppeste etaazje foar publyk helle it nijs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)