Achmea-tinkstien yn Achlum

15 nov 2012 - 15:53
  • Van Duin fan Achmea en boargemaster Veenstra mochten de stien ûntbleatsje
  • Tinkstien foar it 100-jierrich bestean fan Achlum fersekeringen
  • Mei dizze plakette betanket Achmea Achlum foar de konvinsje fan ferline jier

Yn de tsjerkemuorre fan Achlum is tongersdei in tinkstien pleatst troch fersekerder Achmea. Dêrmei wurdt de bân tusken it doarp en it bedriuw ûnderstreke. Yn 2011 waard it 200-jierrich bestean fan Achmea fierd mei de Konvinsje fan Achlum, mei Bill Clinton as ien fan de sprekkers.

De tinkstien is ûntbleate troch boargemaster Fred Veenstra fan Frjentsjerteradiel en Willem van Duin, bestjoersfoarsitter fan Achmea. Fierder is tongersdei ek it 'Achlum-fûns' oprjochte, om it doarp te betankjen foar de gastfrijheid.

Jild út it fûns kin brûkt wurde foar ynvestearrings yn it doarp. Yn it fûns sit sa'n 40.000 euro. As earste krijt de iisklup fan Achlum jild út it fûns om it hokje by de iisbaan te renovearen. Op de byienkomst yn de Achlumer tsjerke wiene sa'n 80 Achlumers ôfkommen. Dat wiene minsken dy't ferline jier meidiene oan de konvinsje, bygelyks troch har hûs beskikber te stellen, mar ek in groep skoalbern út Achlum. Guon fan harren droegen in opstel makke oer harren takomstferwachtings foar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)