Achmea praat mei Rabobank

17 sep 2003 - 00:00

Fersekeringskonsern Achmea en de Rabobank prate mei elkoar oer mooglike gearwurking. De bank fusearret mooglik mei de Europeesje fersekeringsgroep Eureko, dy't foar mear as 77 persint yn hannen is fan Achmea Nederlân. Achmea is mei susterbedriuwen Avéro en FBTO in grutte wurkjouwer yn Ljouwert.

De gefolgen foar in eventuele fúzje foar Fryslân binne noch net dúdlik. Yn 1998 wiene de Rabobank en Achmea ek al ticht by in fúzje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)