Achlumerfeart befarber makke

11 des 2007 - 11:24

De provinsje jout goed 100.000 euro subsydzje foar it befarber meitsjen fan de Achlumerfeart foar lytse boatsjes en kano's. Yn Achlum libbet al langer de winsk om de feart better tagonklik te meitsjen. Dêrfoar moat der ûnder oaren baggere wurde. Ek soene der oanlissteigers komme moatte.

Foar lytse boaten soe de feart dan tsjinje kinne as alternatyf foar de âlvestederûte. De kosten foar it hiele projekt wurde rûsd op mear as 3 ton.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)