Achilles '29 - De Jouwer: 0-3

13 des 2004 - 13:29

Haadklasser SC De Jouwer hat sneintemiddei yn Groesbeek mei 0-3 wûn fan Achilles '29. Dat wie in ferrassing, om't oan de kant fan De Jouwer in soad spilers te kampen hiene mei blessueres.

Yn de earste helte spile Achilles swak. Yn de twadde helte besochten de Groesbekers de druk wat op te fieren, mar de oanfallen stelden net folle foar. De Jouwer spilet nije wike noch tsjin Babberich.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)