Accolade ûndersiket skea

29 nov 2012 - 11:08

Wenningboustifting Accolade nimt tongersdei en freed de skea op dy't troch it heien oan it nijbouplan Taconishof op It Hearrenfean ûntstien is. Moandei waard it heien foar de bou fan 59 huzen stillein troch de gemeente. Omwenners hiene doe al in koart pleit oanspand, omdat de trillingen troch it heien fier oer de noarmen giene.

Accolade hat fiif meldingen fan skea binnenkrigen. Dy wurde troch in ûndersyksburo ûndersocht. Accolade ûndersiket de konsekwinsjes foar de planning en de kosten as de peallen boarre wurde moatte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)