Accolade fergoedet skea huzen

21 des 2012 - 10:31
  • Accolade

Wenningkorporaasje Accolade fergoedet de skea oan in tal huzen op It Hearrenfean, dy't ûntstien is troch heiwurk fan de korporaasje by de bou fan nije huzen oan de Taconishof en de Sieger van der Laanstrjitte. Omwenners kinne skea melde bij Accolade. Dy stjoert dan in skea-ekspert del. As út dy syn ûndersyk bliken docht dat de skea yndied troch it heiwurk komt, wurdt dat fergoede of ferholpen. Accolade wie mei it heiwurk foar de nije huzen begûn nettsjinsteande beswieren fan omwenners, dy't de problemen al ferwachten.

Neidat yndied skea ûntstie, waard it heiwurk stillein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)