Accell op oernamepaad

03 apr 2012 - 08:53
  • Accell Group

Fytsefabrykant Accell Group op It Hearrenfean wol Raleigh Cycle Limited oernimme. Dat bedriuw makket al 125 jier fytsen en hat fabriken yn Ingelân, de Feriene Steaten en Kanada. Der wurkje sa'n 430 minsken en der waarden ferline jier sa'n 850.000 fytsen ferkocht. Raleigh Cycle Limited is ûnder oare bekend fan merken as Raleigh, Avenir en Diamondback.

De twa bedriuwen hawwe yntusken in yntinsjeferklearring tekene, dy't úteinlik liede moat ta de oername.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)