Accell op Amerikaanske merk

21 des 2011 - 14:33

Fytsfabryk Accell op It Hearrenfean nimt alle oandielen oer fan in fytsbedriuw yn Amearika. Dat bedriuw, Currie Technologies, is merklieder yn Amearika op it mêd fan elektryske fytsen en autopeds.

Accell betellet de oername út eigen beurs. Accell sjocht de oername as in prima ynvestearring, omdat hieltyd mear Amerikanen oergean op de fyts as ferfiersmiddel. Accell ferwachtet dat de ferkeap fan elektryske fytsen de kommende tiid bot tanimme sil.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)