Accell keapet Finsk bedriuw

12 jun 2009 - 10:18
  • Accell keapet Finsk fytsbedriuw

De Accell Group op It Hearrenfean nimt in bedriuw yn Finlân oer dat dêr fytsen en fytsûnderdielen ferkeapet. It bedriuw hjit Hellberg en fertsjinne ferline jier mei 20 minsken 6,3 miljoen euro. Accell betellet de oername mei eigen jild.

Accel wol fan Hellberg en in oar Accel bedriuw yn Finlân ien bedriuw meitsje. Hellberg hat in grut dealernetwurk yn Finlân en ferkeapet ek in eigen merk fyts.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)