Accell Group giet oer de grins

20 apr 2011 - 11:52

De Accell Group fan It Hearrenfean nimt in minderheidsbelang fan 5,7% yn it Dútske fytsbedriuw Derby Cycle AG. It bedriuw sjocht de ynvestearring as in belizzing.

Troch it minderheidsbelang kin de Accell Group meiprofitearje fan de ferwachte groei fan it Dútske bedriuw. Op dit stuit is der gjin ynteresse fanút It Hearrenfean om in grutter belang yn Derby Cycle te nimmen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)