Accell ferkeapet mear fytsen

19 nov 2008 - 10:28
  • Djoerdere en elektryske fyts populêr

Fytsfabrikant Accell fan It Hearrenfean ferheget syn winstferwachting foar dit jier fan 10 nei 15 persint. Accell, bekend fan merken as Batavus en Sparta, seit dit jier folle mear djoerdere en elektryske fytsen te ferkeapjen as dêr't earder op rekkene wie.

Nettsjinsteande de ekonomysk mindere tiden ferwachtet Accell ek takom jier goeie sifers. De oarders foar it fytsseizoen 2008/2009 lizze no al op in heger nivo as ferline jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)